Mulder fan H'fean nei FC Grins

© Omrop Fryslân
Rick Mulder, de trainer fan it frouljusteam fan Sportklup Hearrenfean, sil takom seizoen oan 'e slach as trainer by de C-junioaren fan FC Grins. No't Hearrenfean ferline wike bekend makke op te hâlden mei frouljusfuotbal, wie Mulder op syk nei in nije funksje. Mulder woe wol by Hearrenfean bliuwe, mar Grins wie konkreter.
Mulder hat twa jier trainer west by de froulju fan Hearrenfean.