Wet om TBS-regels te feroarjen

20 apr 2011 - 15:45

Steatssekretaris Teeven fan justysje wol de wet wizigje om feroardielden toch twongen yn it TBS-klinyk opnimme te litten. Alle jierren wegerje 70 fertochten mei te wurkjen oan in ûndersyk by it Pieter Baan Centrum, dat bepale moat oft se in TBS-behanneling ûndergean moatte.

Dizze wike wie dat ek it gefal mei de moardner fan Suzanne Monsma en mei Sietske H. dy't fertocht wurdt fan it ombringen fan har fjouwer krekt berne poppen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)