Trijntje Wiel giet troch

Hjir moatte de plannen realisearre wurde
It plan Trijntje Wiel yn De Broek by De Jouwer kin oanlein wurde. De Raad van State hat de beswieren fan tafel fage. Feehâlder Klaas Kloosterman wol 16 bunder lânbougrûn omsette yn in natoer- en wetterlânskip. Der komme ek trije lânhuzen.
Omwenners ha har jierren fersetten tsjin de plannen, omdat se benaud wiene dat de natoer om it gebiet hinne derfan te lijen ha soe. Kloosterman hat syn plannen dêrom oanpast. De Rie fan Steat hat no de beswieren ôfwiisd.