Oerlêst disko fan Nije Warf

20 apr 2011 - 12:06

De oerlêst dy't jongeren fan de disko yn it doarpshûs 'de Nije Warf' yn Wâlterswâld feroarsaakje moat sa gau mooglik oanpakt wurde. Oars is it mar de fraach oft se wer fergunning krije foar in disko. Dat seit boargemaster Aalberts fan Dantumadiel. Ien kear yn de moanne is der disko yn it doarpshûs en dêr komme wol in pear hûndert jongeren op ôf. Aalberts fynt dat der minder alkohol skonken wurde moat. Neffens it bestjoer fan it doarpshûs binne se dêr al streng yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)