Sven net by ploegepresintaasje

20 apr 2011 - 11:32
  • Sven Kramer

Sven Kramer is woansdei net by de offisjele ôftraap fan it reedrydseizoen 2011-2012 fan reedrydploech TVM. De Fries mei fan syn sportarts en fan syn haadcoach Gerard Kemkers noch hieltyd net meitraine mei de oare riders. De Olympysk kampioen is minder foarút gien as yn it foar tocht wie.

Sven Kramer hat al in skoft lêst fan in blessuere oan syn skonk. De blessuere is sa slim dat Kramer op it stuit al 13 moanne út de rûlaasje is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)