Russen te gast op Wetterkampus

In delegaasje fan spesjalisten en beliedsmakkers út Ruslân ha de ôfrûne dagen yn Ljouwert op besite west op de Wetterkampus. De besite is in ferfolch op in gearwurkingsoerienkomst fan ein 2009. It doel is om op in oantal flakken lykas wettertechnology en agribusiness gear te wurkjen.
Neist de wetterkampus hawwe de Russen ek in besite brocht oan de rioelwettersuveringsynstallaasje fan Wetterskip Fryslân.