Steaten te sjen op Omroplive

20 apr 2011 - 09:44

De gearkomste fan provinsjale steaten is woansdei wer live te sjen op ús temasite www.omroplive.nl. Yn dizze gearkomste wurdt it nije kolleezje fan deputearre steaten fan Fryslân keazen en ynstallearre.

Op Omrop Fryslân radio en tv binne dêrom ekstra ferkiezingsprogramma's yn it ramt fan Fryslân Kiest. Op de radio is in sjoernalistedebat en op tv is it spesjale programma 'Fryslân Kiest it nije kolleezje'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)