KNRM ek aktyf op strân Skier
De proef mei KNRM strânbewaking op Skylge kriget in ferfolch op Skiermûntseach.
Yn 2010 naam de rêdingsmaatskippij de strânbewaking op Skylge oer fan de gemeente. Mei goed 90 oanmeldings foar de funksje fan strânwacht wie dat in grut sukses. Dit jier sil yn de simmer ek op Skiermûntseach mei saneamde lifeguards wurke wurde.