Boeren helpe greidefûgels

Boer Van der Akker folget de oprop fan it BFVW
It bûn fan Fryske Fûgelwachten en lânbou-organisaasje Boerennatuur roppe boeren op om sa gau as mooglik wetter op harren lân te pompen. Troch de oanhâldende droechte kinne greidefûgels hast net oan fretten komme en dan stelle se it brieden út. It briedseizoen liket hjirtroch te mislearjen. Wetter op it lân en yn greppels moat de fûgels helpe. Mei de provinsje is in fergoedingsregeling ôfpraat foar lân dat ûnder wetter set is.