Teloarstelling om peaskefjoer

It peaskefjoer yn oanlis
Leden fan âldjiersploech Vesuvius út Elslo fine it spitich dat se takom wykein gjin peaskefjoer meitsje meie. It is neffens de gemeente East- en Weststellingwerf te droech.
Der binne yntusken al wol grutte bulten hout byelkoar brocht en dy moatte no eefkes lizzen bliuwe. De âldjiersploech hopet dat de grutte houtbult oer in pear wike wol oanstutsen wurde kin, as it minder droech is.