Flaggen healstôk ryksgebouwen
De flaggen by it provinsjehûs hingje woansdei healstôk. Dat hat te krijen mei in fersyk fan it ryk yn ferbân mei de betinking fan de slachtoffers fan it drama yn Alphen aan den Rijn. Dêrom hat de minister-president in saneamde flachynstruksje jûn.
By alle ryksgebouwen hingje de flaggen healstôk. Provinsjes en gemeenten krije in fersyk om mei te wurkjen. Hoefolle gemeenten yn Fryslân meidogge is net bekend.