Tryater wer yn de Súdlannen
De wyk de Súdlannen is begjin july opnij it toaniel foar in spektakel fan Tryater. Ferline jier wie dêr it muzikale lokaasjeteater Down South om de nije Ljouwerter wyk op de kaart te setten.
Dizze kear wurdt it oars, lytser fan opset, mei mear ûnderdielen. Simmer yn de Zuidlanden is bedoeld foar jong en âld en foar Ljouwerters, mar ek minsken fan bûten de stêd.