Jild foar elektrysk farren

De provinsje Fryslân hat tiisdei nije subsydzjeregelingen iepensteld foar elektrysk farren. Der sit 270 tûzen euro yn de pot. Der is jild beskikber foar elektryske oplaadpunten en foar de ombou fan ferhierboaten. Foar in oplaadpunt jout de provinsje maksimaal fiiftûzen euro. Foar de ombou fan in ferhierboat is in subsydzje mooglik fan 1500 oant 6500 euro.
De provinsje wol dat der yn 2015 3000 elektryske boaten op it Fryske wetter farre. Ek komme der spesjale farrûtes.