Wykmerk Balk ferpleatst

19 apr 2011 - 09:45

De wykmerk yn Balk wurdt ferpleatst fan it Treemterplein nei it Haskeplein. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Gaasterlân-Sleat hat dat besletten yn oerlis mei de merkkeaplju.

It Haskeplein leit sintraler en is ek makliker te finen foar minsken fan bûten it doarp. It kolleezje hopet dat de wyklikse freedsmerk op it nije plak mear besikers en ek mear kreamkes lûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)