Geiten en gjin heechlanners

De dunen op Flylân sille tenei troch geiten koart hâlden wurde. Dat hat de Dienst Landelijk Gebied moandei yn in gearkomste op it eilân ferteld. Earder wie it plan om Schotske heechlanners de dunen beweidzje te litten. Dêr kaam in soad protest tsjin fan eilanners en toeristen.
De stekken dy't pleatst waarden om de bisten yn de dunen te hâlden joegen in opsletten gefoel. De geiten sille ek wol achter stek moatte. Hoe't dat krekt komt, wurdt noch ûndersocht.