Marnix Kolder mooglik nei Boys

Marnix Kolder
Oanfaller Marnix Kolder fan Veendam is troch Harkemase Boys benadere foar de spitsposysje. De 30-jierrige Kolder soe de opfolger wurde moatte fan Martijn Barto dy't takom seizoen nei Cambuur ferhuzet. Kolder hat ek noch in oanbieding krigen fan Veendam. Dêr tinkt er noch oer nei.
Dennis Krohne giet by de Boys wei. Hy giet nei HHC yn Hardenberg. Erdem Yeni bliuwt al. Hy tekene moandeitejûn syn kontrakt foar it nije seizoen.