Aldereinwinkels rinne poerbêst

18 apr 2011 - 16:51
  • Foto's: Omrop Fryslân

Karien Wouda fan De Jouwer docht it poerbêst mei har âldereinwinkels. Der is in soad ferlet fan helpmiddels en handige dingen foar âldere minsken. It giet sa goed dat se no al achttjin fan sokke winkels yn hiel Nederlân hat. Dat moatte ein dit jier 25 wêze, sa wol Wouda.

Yn de winkels binne horloazjes te krijen dy't sizze hoe let oft it is, Mar ek rollators dêr't in hûntsje op mei kin en grutte-letter-boeken hearre ta de mooglikheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)