Tariedings proses deade poppen

18 apr 2011 - 16:32

Foar de rjochtbank Ljouwert is it proses tsjin Sietske H. ien fan de grutste saken fan it jier. Der wurde in soad belangstellenden ferwachte út it hiele lân. Njonken it gewoane publyk hawwe harren tsientallen sjoernalisten oanmeld fan tweintich ferskate media.

Foar de saak tsjin de jonge frou út Nij Beets binne trije sealen reservearre. Der binne ekstra feilichheidsmaatregels naam, mar wat krekt wol de rjochtbank net sizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)