Needstekken op kearmuorre

18 apr 2011 - 15:03
  • De kearmuorre mei needstekken

Wetterskip Fryslân set losse stekken del op de kearmuorre yn Harns. De leveransier fan de echte leunings is ferline wike fallyt gien. Om minsken yn steat te stellen oer de kearmuorre te kuierjen komme der no 'dranghekken'.

De kearmuorre wie sûnt de bou ôfsletten foar it publyk. Mei de nije stekken kin der fan woansdei ôf op kuiere wurde. It is net dúdlik wannear't de tydlike leunings troch definitive ferfongen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)