Saak-Monsma: 20 jier selstraf

18 apr 2011 - 14:18

De 25-jierrige man dy't yn juny ferline jier Suzanne Monsma út Dokkum om it libben brocht mei in hammer moat tweintich jier de sel yn. Dy útspraak hat de rjochtbank moandei dien. Der wurdt gjin tbs oplein.

De straf dy't de rjochtbank opleit, is folle heger as de eask fan it iepenbier ministearje. Dêr wie tolve jier sel en tbs easke. De fertochte sels woe perfoarst net tbs oplein krije, sa makke er yn de sitting kenber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)