Saak-Nij Beets: sensaasjesucht

18 apr 2011 - 12:02

Advokaat Barbara Klunder hat har bot steurd oan guon uterings oer har kliïnte Sietske H. út Nij Beets. De rjochtsaak tsjin de frou begjint tiisdei. Yn augustus 2010 waard se oppakt op fertinking fan it ombringen fan har fjouwer poppen. De lykjes bewarre se yn koffers op souder.

Alle media joegen wiidweidich omtinken oan de saak. Faak doogden de ferhalen net, seit advokaat Klunder. Se waarden foaral pleatst út in soarte fan sensaasjesucht, seker op ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)