Marsumer mei dea bedrige
De plysje hat sneintejûn in 44-jierrige Ljouwerter oppakt omdat er in ynwenner fan Marsum mei de dea bedrige hie. Dat wie op it Franjumbuorsterpaed yn Marsum. Ferskate partijen hiene dêr rûzje mei-elkoar. Dêrby bedrige de Ljouwerter de man út Marsum.
De Ljouwerter is troch de plysje meinaam nei it plysjeburo. Hy hat dêr in proses-ferbaal krige.