Dirk Fabriek sterk yn Vries

Dirk Fabriek (argyffoto)
Dirk Fabriek hat de iepeningswedstriid fan it gersbaanseizoen yn Vries mei oermacht wûn. De âld-Jobbegeaster dy't tsjintwurdich yn Zorgvliet wennet, wûn al syn searjes en wie ek yn de A-finale de sterkste.
Mark Stiekema fan Stadskanaal waard twadde, Jannick de Jong fan De Gordyk tredde. Yn de shorttrackklasse wie de winst foar Andries Fabriek, it jongere broerke fan Dirk.