Zijlstra wint yn achtertún

17 apr 2011 - 17:21

Sipke Zijlstra hat snein de Wâlden Klassiker op syn namme skreaun. De Burgumer wie yn de einsprint te rap foar Jan Bos fan Nijhoarne en Wouter Haan fan Bedum. It like der lang op dat Jan Bos de koers nei him talûke soe. Yn de lêste 700 meter kamen Zijlstra en Haan lykwols noch by him.

By Bos wie de piip doe leech. Hy hie sa'n 140 kilometer yn 'e oanfal west. Sipke Zijlstra profitearre as bêste en kaam nei 170 kilometer as earste oer de einstreek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)