Cambuur ûnderút yn Waalwyk

Kevin Diaz rêde de Cambuur-eare
It is SC Cambuur snein tsjin RKC Waalwyk net slagge om de nûmer twa sear te dwaan. De Ljouwerters ferlearen mei 4-1 en dat wie in terjochte útslach. Cambuur stie by rêst mei 2-0 efter en al gau yn de twadde helte fergrutte RKC mei in penalty de foarsprong.
Dêrnei leaude de ploech fan trainer Arts it wol, al wie der krekt foar tiid mei noch in thúsdoelpunt en in treffer fan Diaz noch wat opwining.