VC Snits wint earste duel

17 apr 2011 - 14:29
  • (foto: awfoto.nl)

De follybalfroulju fan VC Snits binne sneon mei in 3-2 oerwinning tsjin King Software goed úteinset yn de play-offs. De ploech fan coach Petra Groenland striidt om plak 7, dat fierder nergens mear rjocht opjout.

Yn de eigen Sneker Sporthal wiene de setstannen 25-21, 25-23, 18-25, 19-25 en 15 -11. Sneintemiddei is it twadde duel yn Capelle aan den IJssel. VC Snits stie ferline wike yn de lanlike bekerfinale, mar ferlear dy fan Weert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)