EggRun foar sike bern

Asthara van Liebenstein út Ljouwert hie sneon de middei fan har libben. Mear as fyftich motorriders kamen by har thús op besite. De klup wie ûnderweis nei it MCL en de Tjongerskâns op It Fean. Sneon waard foar de sânde kear de EggRun riden.
Mear as 1000 motorriders besykje yn it hiele lân sike bern yn sikehuzen om kadootsjes en peaske-aaien út te dielen. Fierder betelje alle dielnimmers jild om mei te dwaan en dat giet nei in goed doel.