Man mei boltsjes kokaïne pakt

17 apr 2011 - 13:46

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in 46-jierrige Ljouwerter oanholden om't er harddrugs by him hie. Surveillearjende plysjes seagen de man op in fyts dêr't it slot stikken fan wie. Doe't se in ûndersyk ynstelden, fûnen de plysjes tsien boltsjes kokaïne by de man. Ek hie er in mes by him.

De Ljouwerter moast mei nei it buro. Dêr krige er proses-ferbaal. De drugs en it mes binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)