Mei scootmobyl te wetter
In 81-jierrige ynwenner fan Boalsert is sneontemiddei op de Doniawei yn Burchwert mei syn scootmobyl yn it wetter rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak ried de man de sleat njonken de dyk yn. In foarbygonger seach him dêr lizzen en wist him mei in buertbewenner út it wetter te krijen.
De Boalserter hie ferwûnings oan 'e knibbel en waard mei de ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht.