Fermist famke wer teplak
Ien fan de beide famkes út in opfanghûs yn Ljouwert dy't al sûnt 11 april fermist waarden, is terjochte. It giet om in Bulgaarsk famke fan 14 jier. Sy is werombrocht nei it opfanghûs.
De plysje is noch altyd op syk nei it oare famke. Sy is 15 jier en fan Surinaamske komôf. It sinjalemint fan it famke stiet op de webside fan de plysje.