Namme socht foar rûnwei

17 apr 2011 - 11:26
  • It gemeentehûs yn Bûtenpost

Ynwenners fan Bûtenpost meie in namme betinke foar de nije rûnwei om it doarp hinne. Dy wurdt 31 maaie offisjeel iepene. De gemeente Achtkarspelen hat dêrom in priisfraach útskreaun. De namme moat oan in oantal kriteria foldwaan.

Sa mei it net in al te lange of yngewikkelde namme wêze en moat der rekken holden wurde mei de nammen fan omlizzende strjitten. In sjuery makket in kar út de ynstjoerings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)