Syljacht yn problemen

De rêdingsboaten fan Flylân, Skylge en Texel moasten sneontemiddei yn aksje komme omdat der op de Noardsee boppe Flylân in syljacht wetter makke. Der wiene twa minsken oan board. De rêdingsboaten hawwe pompen oan board fan it syljacht brocht. Dêrmei koe tefoaren kaam wurde dat it skip sonk.
Dêrnei koe it jacht ûnder begelieding fan in bergingsbedriuw nei Skylge farre. Der rekke net ien ferwûne.