Aris stunt tsjin Grins

16 apr 2011 - 23:32

De basketballers fan De Friesland Aris soargen sneon foar in daverjende ferrassing troch koprinner Grins te ferslaan mei 92-88. Dêr hienen de Ljouwerters twa ferlingingen foar nedich. Nei fjouwer kwarten stie it 67-67, nei de earste ferlinging wie it mei 76-76 noch altyd yn lykwicht.

De lêste fiif minuten pakte de ploech fan Pete Miller de folle winst. Aris is de earste ploech dy't dit seizoen twa kear fan Grins wûn. Takom wykein sette de play-offs útein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)