Boskbrân by Blesdike
Mei help fan 8000 liter wetter út in wettertank hat de brânwacht sneon in grutte boskbrân foarkomme kind. Oan de Eikenlaan by Blesdike ûntstie brân yn in bosk. Omdat der gjin wetter yn de buert wie, moast de brânwacht fan Easterwâlde mei de tankwein komme.
Uteinlik gie 100 kante meter bosk ferlern. Omdat it de lêste tiid amper reind hat, is it hiel droech yn de bosk. Op oare plakken hat de brânwacht de lêste dagen ek drok west mei bûtenbrantsjes.