Oanriding by Sumar
In 29-jierrige automobilist út De Gordyk is freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de Van Harinxmawei by Sumar. De man waard fan achteren oanriden troch in auto bestjoerd troch in 69-jierrige man út Wergea. Dy hie net sjoen hie dat der in auto foar him ried.
De bestjoerder út De Gordyk rekke by de botsing ferwûne oan 'e nekke. Hy is mei de sikeauto nei sikehûs MCL yn Ljouwert oerbrocht.