Oanriden mei stellen snorfyts

16 apr 2011 - 14:04

In 84-jierrige frou is freedtemiddei yn Ljouwert oanriden mei in stellen snorfyts. De frou fytste oer de Snekertrekwei en kaam troch ûnbekende oarsaak yn botsing mei in 39-jierrige Ljouwerter op de snorfyts.

De frou is mei ferwûnings oan 'e holle nei it sikehûs brocht. De plysje hat de Ljouwerter oanhâlden op fertinking fan fertsjustering.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)