Drugsbrûker jout klap

16 apr 2011 - 14:02

In 18-jierrige Snitser is freedtenacht yn in kafee op de Kruizebroederstrjitte yn syn wenplak oanhâlden. Meiwurkers fan it kafee hiene sjoen dat de man op it húske drugs brûkte. Se hiene dêrnei de plysje warskôge.

Wylst se wachtsje moasten oant de plysje kaam, joech de Snitser ien fan 'e meiwurkers fan it kafee in klap. De man is troch de plysje meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)