Jonge graffityspuiter betrape

De plysje yn Drachten hat freed in 15-jierrige jonge oanhâlden foar graffity spuitsjen op de muorre fan in buerthûs by de Alferhof. In tsjûge hie dat sjoen en de jonge folge doe't er klear wie en fuortrûn.
De tsjûge belle de plysje. Dy koe de jonge dêrtroch letter oanhâlde. Hy hie twa spuitbussen mei ferve by him. Tsjin de jonge is proses-ferbaal opmakke.