'Grutte winkels net te kearen'

16 apr 2011 - 11:10

Troch in útspraak fan it Europeeske Hôf kin de gemeente Ljouwert de festiging fan grutte winkels op de Werpsterhoeke net keare. Dat tinkt de fraksje PAL/GroenLinks yn de haadstêd.

Yn in saak tusken Spanje en de Europese Unie is bepaald dat de konkurrinsje foar ûndernimmers gjin argumint wêze kin om festiging fan detailhannel bûten de stêd tsjin te gean. Just dy betingst hat de gemeente steld oan de festiging oan de komst fan grutte winkels by de Werpsterhoeke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)