SC Hearrenfean docht wer mei

15 apr 2011 - 23:53

SC Hearrenfean pakte freedtejûn de earste thúsoerwinning nei de winterstop. FC Utrecht waard yn it Abe Lenstra stadion mei 3-0 ferslein.

Utrecht krige yn de earste helte in pear tikken. Net allinne de moaie doelpunten fan Assaidi en Narsingh diene sear, ek de ôfkarde goal fan Mertens. Nei it skoft krige de thúsploech it dreech, mar Bas Dost soarge mei in moai wipperke foar de beslissende 3-0. De Feansters dogge no wer mei yn de striid om de play-offs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)