De Vries wurdt lokokommissaris

15 apr 2011 - 16:59

Net listlûker Hans Konst mar deputearre Jannewietske de Vries wurdt de nije lokokommissaris fan Fryslân. Dat waard freed dúdlik by de presintaasje fan it nije kolleezje fan deputearre steaten.

Yn de ôfrûne perioade wie deputearre Sjoerd Galema noch 'loko', mar omdat de PvdA no de grutste partij is, meie sy no de lokokommissaris leverje. Neffens Konst is De Vries 'poer geskikt' foar de funksje en kin sy útgroeie ta 'keninginne fan Fryslân'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)