Omrop mediapartner SKS

15 apr 2011 - 16:52

De wedstriden fan it SKS-kampioenskip binne dit jier net allinnich live op de webside fan de SKS te folgjen, mar ek op Omroplive.nl. De Sintrale Kommisje Skûtsjesilen en Omrop Fryslân binne foar it skûtsjesilen yn 2011 in gearwurking oangien.

De organisaasjes wolle it GPS-folchsysteem op ynternet fierder útbouwe. De Omrop besiket mei studinten fan 'e NHL it systeem sa te ûntwikkeljen, dat de skûtsjes moaier en better yn byld komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)