Cambuur troch KNVB benadere

Cambuur is troch de KNVB benadere om de posysje fan Hearrenfean oer te nimmen yn de earedivyzje fan it frouljusfuotbal. Cambuur kin yn dat gefal sa'n 150.000 euro oan subzydsje temjitte sjen fan it fuotbalbûn.
Cambuurdirekteur Van den Belt seit dat hy posityf stiet tsjinoer sa'n idee. Mar it opsetten fan in belofteteam hat prioriteit. Ek hat hy fragen oer de geskiktheid fan 'e akkomodaasje fan Cambuur en wol hy graach dat de subsydzje langere tiid beskikber bliuwt.