Kanaal 30 ek yn Achtkarspelen

De lokale omrop fan Tytsjerksteradiel wurdt ek de omrop fan Achtkarspelen. Dat hat it Kommissariaat fan de media besletten. Dêrmei komt in ein oan in lange perioade fan diskusje. RTV Kanaal 30 soe Achtkarspelen der al bykrije, mar doe die bliken dat ek de omrop fan Noardeast Fryslân oanspraak makke op de útstjoerrjochten.
Beide omroppen waarden troch de gemeente representatyf ferklearre. It kommissariaat bepaalde úteinlik dat dy fan Tytsjerksteradiel de rjochten krijt.