'Drankriders swierder straffe'

15 apr 2011 - 12:11

Autobestjoerders dy't mei drank op achter it stjoer ien dearide, moatte tenei altiten selstraf krije. Dat seit CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe.

No krije dy fertochten geregeld in taakstraf. Neffens De Rouwe is de lêste jierren in soad dien om foar te kommen dat minsken mei drank op yn de auto stappe. Mar de groep swiere drinkers is hurdlears, sa seit er. In moanne lyn wie der yn Ljouwert noch in deadlik ûngelok dêr't drank by yn it spul wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)