Nij plan foar kij op Flylân

Skotske heechlanners: meikoarten ek op Flylân?
De tsjinst lanlik gebiet presintearret moandei in nij foarstel foar it beweidzjen fan dunen op Flylân. Ferline jier wie it doel Skotske heechlanners yn it gebiet rinne te litten. De stekken wiene al pleatst.
Der kaam lykwols safolle protest fan de Flylanners dat it plan foarearst útsteld waard. De eilânbewenners fielden har troch de stekken opsletten en fûnen ek dat de Skotske heechlanners te ticht by it doarp kamen.