Man oanriden op autodyk

In noch ûnbekende man is tongersdeitejûn oanriden op de Grinzerstrjitwei by Ljouwert. It giet om in kuierder, dy't op de dyk rûn. It giet dan om in stik autodyk dêr't hûndert kilometer yn 'e oere riden wurde mei.
De man rûn troch de oanriding ferskate ferwûnings op, wêrûnder in brutsen skonk. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. Wêrom de man op de autodyk rûn is noch net bekend.