25 auto's yn beslach naam

15 apr 2011 - 10:15

Plysje en belestingtsjinst hawwe tongersdei op ferskate plakken yn Fryslân 25 auto's yn beslach naam. Dat barde by ferkearskontrôles. De eigners fan 'e auto's hiene mei-inoar in belestingskuld iepenstean fan hast 180.000 euro. Omdat se dy skuld net fuortendaliks betelje koene, waarden de auto's yn beslach naam.

By de kontrôles waard gebrûk makke fan twa auto's mei kamera's dy't de kentekens kontrolearren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)