Gjin frouljusfuotbal by H'fean

SC Hearrenfean hâldt op mei it frouljusfuotbal. Dat hat de direksje tongersdei besletten. De klup is ta de konklúzje kommen dat it finansjeel net helber is om it frouljusfuotbal oerein te hâlden. Dêrby is ek de wankele finansjele basis fan it lanlike frouljusfuotbal in reden om der mei op te hâlden. Fuotbalklups AZ en Willem II hawwe ek al besletten om op te hâlden mei it frouljusfuotbal.
De klup hat alle belutsen partijen ûndertusken op de hichte brocht.