Oarlochsfoto's Sint Antonius

Yn it Sint Antoniussikehús fan Snits is fan ein april ôf in foto-eksposysje te sjen oer it sikehús yn de oarlochstiid. Neist de foto's is ek de tsjinstfyts mei massive bannen te sjen, dy't brûkt waard om medisinen út Grins op te heljen. It sikehús wie yn de oarloch ûnderdûkplak foar in Joadsk famke en yn de kelder ferskûlen har geregeld fersetsminsken.
De iepening wurdt dien troch dat Joadske famke dat fan 1943-1945 ûnderdûkt siet op de berne-ôfdieling.